Anton Dalhuysen

The basics

Quick Facts

PlacesNetherlands
Gender
Male
Birth23 October 1895, Wanswerd, Netherlands
Death22 September 1945Leeuwarden, Netherlands (aged 49 years)
Star signScorpio
The details

Biography

Anton Dalhuysen (Wânswert, 23 oktober 1895 – Ljouwert, 22 septimber 1945) wie in Frysk persoan dy’t benammen ferneamd waard as fuotballer en trainer yn de jierren 20 oant en mei de jierren 40 fan de 20e iuw. It fuotbal die hy neist syn wurk as oaljehanneler.

As fuotballer kaam Dalhuysen 17 jier lang út op it heechste nivo by LAC Frisia 1883 út Ljouwert. Mei dy klup waard hy ûnder oare noardlik kampioen fan 1925. Nei syn rin as fuotballer waard hy trainer. Dalhuysen hat in grut tal klups traint: De Kooi, LSC, DOG, Freno, Aldeboarn, Achilles, GAVC en Drachten en SK It Hearrenfean.

By SK It Hearrenfean kaam hy yn 1939 as trainer, hy behelle der poerbêste prestaasjes. Under de lieding fan Dalhuysen sette It Hearrenfean de gong nei de Nederlânske top fan dy tiid yn. It wie de tiid mei ûnder oare Abe Lenstra, Jan Lenstra, Germ Hofma en Wim Molenaar. Yn 1943 waard it earste Noardlik Kampioenskip binnenhelle. En ek yn 1944 waard dêr yn slagge. It hat it begjin west fan de perioade wêryn de klup njoggen jier op ‘e rige kampioen fan it noarden waard.

Dalhuysen ferstoar hommels yn 1945, op 22 septimber troch in sykte oan de longen. Hy waard opfolge as trainer fan SK It Hearrenfean troch Otto Bonsema.

Op It Hearrenfean is in strjitte nei Dalhuysen ferneamd, de Dalhuysenstrjitte.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. [1], Parenteel van Jan Tabak Dalhuisen, ûnder nûmer 347
  • Keimpema, A. (1995) - Een Pompeblêd als voetbalhart, 75 jier It Hearrenfean 1920 - 1995. Utjouwerij Banda.
The contents of this page are sourced from Wikipedia article on 25 Jun 2020. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.