Akke Radsma

Dutch actress
The basics

Quick Facts

IntroDutch actress
A.K.A.Akke Cornelia Radsma
A.K.A.Akke Cornelia Radsma
PlacesNetherlands
wasActor
Work fieldFilm, TV, Stage & Radio
Gender
Female
Birth1922, Stiens, Leeuwarderadeel, Friesland, Netherlands
Death4 December 2008Opeinde, Smallingerland, Friesland, Netherlands (aged 86 years)
The details

Biography

Akke Cornelia Radsma (Stiens, 23 maart 1922 – De Pein, 4 desimber 2008) wie in Fryske toanielspylster en foardraachster.

Hja begûn by it Kritetoaniel ûnder lieding fan Lammert Popma. Akke Cornelia Radsma-Douma waard benammen bekend mei ‘Oer de hage’: in rige satiryske ferhaaltsjes fan Paulus Akkerman dy’t ein sechtiger en begjin santiger jierren op sneontemoarn útstjoerd waarden op de RONO. Hja ferhellet dêryn benammen oer de plattelânsfroulju en oer har man Piter, dy’t der sadwaande kleurd op kaam te stean. Sa gie se mei Piter nei de Sjinees. Piter mislik fan it iten en hja: "Do silst it opite Piter, wy hawwe der grou foar betelle!"
De foardrachten waarden yn 2004 op de dûbel-CD “Oer de Hage” útbrocht. In earder ferskynde LP fan har wie “Op 'e Nij”. Mei har eigen man Jan Radsma die se mei oan de revu fan Roel Oostra. Ek spile se mei yn it kabaret De Spinnekop, en spile yn iepenloftspullen. Boppedat wie se anneks mei it opnij spyljen fan winterjûnenochten.

Akke Radsma hat oant april 1997 op it toaniel stien.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Ljouwerter Krante 7 desimber 2008
The contents of this page are sourced from Wikipedia article on 04 Aug 2020. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.