Ak Wassenaar

Frisian diarist
The basics

Quick Facts

IntroFrisian diarist
PlacesNetherlands
isWriter Diarist
Work fieldLiterature
Gender
Female
Birth1927, Menaam, Menameradiel, Friesland, Netherlands
Age98 years
The details

Biography

Ak Wassenaar (Menaam, 1927 – Nunspeet, 2004) wie in Friezinne om utens dy't yn Nunspeet wenne. Under de Twadde Wrâldoarloch hold hja fan 1 jannewaris 1944 oant 5 augustus 1945 in deiboek by, doe't hja mei har âldelju en bruorren en susters oan 'e Sânwei te Menaam wenne.

Neitiid lei dat deiboek (neffens it troch Wassenaar tafoege foarwurd) tsientallen jierren te stofgarjen, oant se it yn 1988 by tafal ris tsjinkaam, en betocht dat har ferhaal miskien foar de bern en bernsbern wolris ynteressant wêze kinne soe. Om't har deiboek yn it Frysk skreaun wie, en har neiteam (fierhinne) bûten Fryslân wenne, sette se it earst oer yn it Nederlânsk. De reäksjes dy't se op 'e Nederlânske ferzje krige, setten har derta oan om it deiboek nochris te fertalen, no yn 'e nije stavering fan it Frysk. Sadwaande kaam har ferhaal yn 1990 yn dy foarm út by Utjouwerij Van Wijnen yn Frjentsjer, ûnder de titel Deiboek Menaam 1944-45.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wassenaar, Ak, Deiboek Menaam 1944-45, Frjentsjer, 1990 (Utjouwerij Van Wijnen), ISBN 9 05 19 40 394.
The contents of this page are sourced from Wikipedia article on 11 Sep 2020. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.